2006 – Groppesnufers

Ferslach Wampex 2 desimber 2006 team: Groppesnufers yn BEIF

De Groppesnufers wiene dit jier ek wer fan ‘e partij,no mei it efterheaksel BEIF. Wy moasten ús dit jier eins revansearen op it esjek fan ferline jier, doe waarden wy oan alle kanten foarby rún. De start gong al frij goed, wy hiene al grif twa teams efter ús litten. Dernei hâlden wy de gang er moai yn.

By de oppervlakkige route koene wy op ús kompas in stikmannich teams ynhelje, dat die bliken by de post, wy leine doe tsiende. By de folgjende posten wie it sels achtste en by de chocopost sels sande, mar dat team gong fuort fierder wylst wy efkes ús choco nuttigden, en in pútsje pipernútsjes krigen fan ‘e Polochicks.

Mei frisse moed gien wy wer fierder. De wurchens begun no ek ris by us ta te slaan, mar wy lieten it net ta, want wy leine sa moai op skema. By de letste pear routes nei de letste post wiene wy hast it paad bjuster yn it bosk. Tagelyk mei ús wiene der noch wol fiif teams dy ‘t eins gjin idee hiene wêr’t hja nei sochten mar ús efternei sjouden. Mei de fideoroute goaiden wy ús tempo noch foar de letste kear omheech en de rest bleaun efter.

Mei de finish yn sicht wiene wy ek hast ten ein, mar wy woene binnen de 7 oere en 58 minuten bliuwe, de rintiid fan twa jier ferline. Mei in letste sprintsje nei de finish ta gong. It Frysk folksliet sjongend kamen wy oer de finish, as achtste wylst wy 33e starten wiene, en binnen de 7.58 oere.

©zonnehoedje 2006, grutsk Groppesnufer

Reacties zijn gesloten.